Fjirtjin winners yn ferhalewedstriid foar Lange Koartproazajûn

Begjin dit jier die Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop ta it ynstjoeren fan koarte ferhalen fan maksimaal 250 wurden. Der binne 39 ferhalen ynstjoerd en dêrút binne 14 winners keazen.
© Geart Tigchelaar
De redaksje fan Ensafh skreau de wedstriid út om't dy fynt dat der yn de Fryske literatuer mear omtinken komme moat foar proaza. De sjuery, besteande út Gerbrich de Jong, Nyk de Vries en Anne Feddema, hat yn totaal 14 ferhalen bekroane.
De winners binne Anneke Augusteijn, Ytsje Hettinga, Trevor Scarse, Friduwih Riemersma, Henk Wolf, Berber Spliethoff, Johannes Dijkman, Baukje Zijlstra, Elske Kampen, Amarens Hibma, Bregtje Sijtsma, Elmar Kuiper en Angelique van der Veen.

Sân ferhalen publisearre

Alle 14 ferhalen krije in plakje op de Lange Koartproazajûn fan 27 novimber yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer. De ferhalen fan de sân lêstneamde sân skriuwers binne troch de sjuery as de alderbêste koarte ferhalen bestimpele, dat dy wurde yn it novimbernûmer fan Ensafh publisearre.
Op de Lange Koartproazajûn wurde alle priiswinnende ferhalen foardroegen en ek it sjueryrapport. Dêrneist jout Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, in optreden.