UPDATE: Ungelokken op N355 en A32; dyk wer frijjûn

Op de N355 tusken Noardburgum en Quatrebras binne tiisdeitemoarn twa ûngelokken bard. Ek op de A32 by Steenwijk wie der in oanriding. De files dy't dêrnei ûntstiene, binne yntusken oer en it ferkear kin der wer del.
© De Vries Media
Krekt foar de ferkearsljochten by Quatrebras ûntstie in kopsturtbotsing tusken meardere auto's. By it ûngelok rekke gjinien ferwûne. Troch de oanriding ûntstie in flinke file.
De plysje hie in part fan de dyk tydlik ôfsletten. Yn de file dy't ûntstie, barde in oanriding tusken twa oare auto's. In bestjoerder rekke dêrby licht ferwûne. In bergingsbedriuw hat de skeinde weinen ôffierd.

A32

Ek op de A32 yn 'e rjochting fan It Hearrenfean is tiisdeitemoarn in ûngelok bard tusken twa auto's. Ien persoan is oerbrocht nei it sikehûs. Troch ûnbekende oarsaak botsten de twa auto's op elkoar, wêrnei't se yn de fangrail telâne kamen.
Ien persoan is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Twa rydstripen wiene ôfsletten om't der sân op de dyk lei.