Kollum: "Seks mei bern, bist of deade"

08 sep 2020 - 08:36

"It berjocht dat ik fia Facebook krige, wie in fersyk om in petysje te ûndertekenjen. Stop de PNVD. De Partij voor Naastenliefde, Vrijheid en Diversiteit. Wêrom soene je yn de goedichheid in partij mei sokke ferheven en suvere doelen tsjinhâlde wolle? Nei't ik de link oanklikt hie, die bliken dat it om de saneamde 'pedopartij' gie. Doe ha ik earst mar ris it partijprogramma trochnommen.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Dêr waard ik kjel fan. De maatskippij moat neffens de pedoseksuelen sa ynrjochte wurde, dat dy harren seksuele foarkar fasilitearret. Dat betsjut ûnder oare dat it besit fan bernepornografy net mear strafber is, dat dy oerdeis op de telefyzje útstjoerd wurde mei en dat de ûnskeinberens fan sjoernalisten út de wet giet. Tink dêr mar even oer nei. Boppedat moat seks mei bern, bisten en deaden legalisearre wurde. Yn in fuotnoat stiet noch wol dat de ferstoarne foar syn dea skriftlik tastimming jaan moatten hat.

De PNVD wol pedoseksualiteit, bestialiteit en nekrofily grûnwetlik tastean, mei oare wurden. Wat my opfalt yn dat rychje is dat it om warleazens giet. Om it oantaasten fan persoanlike yntegriteit. Om dieders en slachtoffers. Yn syn algemienheid kinst stelle dat minsken as homo, hetero of pedo berne wurde. Dochs kinst in problematyske seksuele foarkar as pedofily net lyk stelle mei homo- of heteroseksualiteit. It ferskil yn ripens tusken folwoeksenen en bern is tagelyk in machtsferskil dat mooglikheden foar twang en misbrûk kreëarret.

Soks wurdt ûnderstreke troch útspraken fan in foaroanman fan de PNVD yn it programma Danny op Straat, begjin dit jier. Dêryn stelt dy Nelson dat twa- en trijejierrigen prima by steat binne om sels te bepalen oft se seks ha wolle of net. Krekt sa't se sin oan in iisko ha kinne of nei in boarterstún ta wolle. Deskundigen smite soks lykwols fier fuort. Ien fan harren fertelt dat ast mei in twajierrich bern lâns it wetter rinst en dat bern seit datst it loslitte moatst, wêrnei't it ferdrinkt, ek net seist dat dat bern it sels woe. In bern kin ienfâldichwei net beoardielje wat de gefolgen fan seksueel kontakt mei in folwoeksene binne. Sadwaande is eltse foarm fan seks tusken folwoeksene en bern ôf te keuren.

Likegoed is it mar al te dúdlik dat pedofily bestiet, dat pedoseksuelen aktyf binne. Sok misbrûk is skealik foar it meastepart fan de bern en moat bestraft wurde, mei om werhelling te foarkommen. De grutte is fraach hoe't dat moat. Ien dy't net maklik te beäntwurdzjen is. Yn alle gefallen is it gjin oplossing om pedoseksualiteit, bestialiteit en nekrofily in plakje op it Haachske plús te jaan. Dat is net ien, mar wol tûzen brêgen te fier."

(advertinsje)
(advertinsje)