Auto bedarret op 'e kop yn 'e sleat yn Nijetrijne

08 sep 2020 - 07:48

Op de Lindedijk yn Nijetrijne is tiisdeitemoarn in auto op 'e kop yn de sleat bedarre. De helptsjinsten waarden krekt foar 7.00 oere alarmearre foar in auto yn it wetter. Doe't se arrivearren, troffen se gjinien oan by de wein.

Foto: De Vries Media

It die bliken dat de bestjoerder yntusken al nei hûs ta rûn wie yn Ossenzijl. Hy wie net ferwûne rekke.

In berger hat de auto út de sleat takele. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Nijetrijne
(Advertinsje)
(Advertinsje)