Ried Hearrenfean docht ûnôfhinklik ûndersyk nei rekkenflater

08 sep 2020 - 07:30

De gemeenteried fan Hearrenfean hat in amendemint oannaam foar in ûnôfhinklik ûndersyk nei de rekkenflater dy't twa wiken lyn foar it ljocht kaam. It die bliken dat de gemeente in struktureel tekoart hat fan 2 miljoen.

It gemeentehûs fan Hearrenfean oan de Crackstrjitte - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Nei't de problemen ûntdutsen waarden, kaam de ried mei it inisjatyf foar in ûndersyk nei de begruttingssystematyk om te sjen wêr't de flaters sitte en hoe't dy derút helle wurde kinne.

Want wat bard is, kin in kear barre, mar dat moat nea wer, sa seit fraksjelid fan Gemeentebelangen Heerenveen, Roelf van der Woude: "It kolleezje hat útlein wêr't de flaters sitte, mar wy wolle as ried hiel dúdlik foar de geast ha dat it kolleezje it fertrouwen fan ús werom krije kin troch ús eigen ûndersyk."

Twa ûndersiken

De wurde twa ûndersiken dien, leit Van der Woude út: "It earste is in lyts ûndersyk nei de de falidaasje fan de sifers dy't it kolleezje de ried jûn hat. It twadde is in djipgeand ûndersyk nei it hoe en wat en hoe't dit yn de takomst foarkaam wurde kin."

Hoe't it finansjele tekoart oplost wurde moat, docht bliken út de senario's dy't it kolleezje yn septimber of oktober oan de ried foarleit. Van der Woude: "Dêrby moatte wy as ried karren meitsje oer hoe't de begrutting der yn 2021 útsjen moat."

Roelf van der Woude, fraksjelid fan Gemeentebelangen Heerenveen

(Advertinsje)
(Advertinsje)