Houtmûne De Rat yn Drylts nominearre foar Molenprijs 2020

08 sep 2020 - 17:17

Houtmûne De Rat yn Drylts makket kâns op in priis fan 75.000 euro. Dy wurdt beskikber steld troch de Bankgiro Loterij. Foar de saneamde Molenprijs 2020 binne noch trije oare mûnen yn ús lân dy't winne kinne.

De mûne dy't de measte stimmen krijt, wint de haadpriis fan 75.000 euro. De houtseachmûne De Rat wol graach de priis winne om't se dêrmei de mûne takomstbestindich meitsje kinne.

Opliedingssintrum

Mei it jild wol de mûne yn Drylts in romte bouwe dy't se brûke kinne as opliedingssintrum. It fak as mûnder stiet ûnder druk, se wolle it ambacht wer oantreklik meitsje foar jonge minsken. Net allinnich de oplieding as mûnder moat plak krije yn de mûne, mar ek ambacht as seilmeitsjen, smeien en it bewurkjen fan hout.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Simon Jellema en Peter van Els

Simon Jellema en Peter van Els oer de jildpriis

Simon Jellema en Peter van Es - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)