Rêst werom yn fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint-Anne nei brân

Yn fersoargingshûs Beuckelaer oan de Beuckelaerstraat yn Sint-Anne is tiisdeitemoarn om 5.00 oere hinne brân útbrutsen. Der wie in soad reekûntwikkeling en de brânwacht skaalde grut op, wêrnei't in oantal apparteminten ûntromme waard.
Brân yn fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint-Anne
"De brânwacht, de plysje en it soarchpersoniel hawwe de apparteminten ûntromme en minsken binne opfongen", fertelt Baukje de Wal fan de brânwacht. De brân is yntusken út en der is gjin gefaar mear. "Allinnich de reek op de galerijen spilet noch parten."
De brân liket neffens de brânwacht ûntstien te wêzen yn in meterkast. It gebou is fentilearre en wer frijjûn. De bewenners binne yntusken wer werom yn harren apparteminten. De Wal: "Sy binne fansels bot skrokken. Twa persoanen binne neisjoen op reekynhalaasje, mar ferfier nei it sikehûs wie net nedich."
Baukje de Wal fan de brânwacht oer de brân
© Jaring Rispens
De rêst is yntusken werom yn it fersoargingshûs. De bewenners en it personiel sitte middeis gewoan wer yn it gebou te iten. "We hawwe alles wer ûnder kontrôle", fertelt manager Jan de Vries fan Beuckelaer.
Dat wie moarns betiid wol oars. "As sa'n melding binnenkomt, moatte je adekwaat en rap reagearje. De minsken dy't op dat stuit as bhv'er oanwêzich wiene, diene dat ek, yn gearwurking mei de brânwacht." Der is gjin slimme skea. "Bliuwst it noch wol efkes rûken, mar foar de rest is it prima ôfrûn."
Twa bewenners binne úteinlik evakuearre yn ferbân mei de reek. "Sy binne skrokken, mar ek by harren is de rêst wer werom." In soad bewenners hawwe troch de opskuor hinne sliept, fertelt De Vries.

Coronamaatregels

De coronamaatregels binne hanthavene by de evakuaasje, neffens de manager. "De brânwachtlju wiene fanwegen de reekûntwikkeling al folslein ynpakt, dus dy hawwe gjin risiko rûn."
De Vries: "By alles wat dêrnei kaam, binne de coronamaatregels oanhâlden. We hawwe nau kontakt mei de GGD om te sjen oft der noch reden is ta kontrôle. As dat sa is, krije we berjocht. Oant no ta hawwe we dat berjocht net krigen. Sy fine dus dat wy goed hannele hawwe."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei manager Jan de Vries