Minister wol Waadferiening gerêststelle, mar hâldt gjin fergunningen tsjin

07 sep 2020 - 20:26

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat hat yn in brief oan de Twadde Keamer in reaksje jûn op de soargen fan de Waadferiening oer gas- en sâltwinning yn it Waadgebiet. Yn augustus hat de minister op besite west en al waadrinnend mei de feriening sputsen oer harren noed oer mynbou yn it gebiet. De minister jout no lykwols oan gjin redenen te sjen om fergunningen foar mynbou-aktiviteiten of enerzjyprojekten yn it Waadgebied tsjin te hâlden.

Foto: Waddenvereniging

Neffens Wiebes ferrint it ferlienen fan fergunningen soarchfâldich. Dat wurdt dien mei it saneamde 'hand-aan-de-kraan-systeem', wêrby't joen wurdt nei de natuer. As der negative gefolgen ûntsteane, kin mynbou op 'e tiid stilset wurde, sa skriuwt hy.

Mear oerlis

Minister Wiebes komt de Waadferiening wol op in pear punten yn 'e mjitte. Hy is ree om by it beoardieljen fan yndividuele projekten mear te sjen nei de effekten op de langere termyn fan klimaatferoaring. Dan giet it bygelyks om feroaring fan de wettertemperatuer, of it heger wurden fan de seespegel. De minister sil dêrfoar oerlizze mei de minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit en de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

De minister hat dêrnjonken ôfsprutsen dat der tenei faker oerlein wurdt mei de Waadferiening as it giet om mynbou, enerzjyprojekten en klimaatferoaring. Wiebes seit sels in foarstanner te wêzen fan in 'adaptieve sturing,' oftewol it tuskentiids oanpasse fan aktiviteiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)