De goedhillichman efter pleksyglês: yntocht Sinteklaas Frjentsjer digitaal

07 sep 2020 - 19:45

Alles is oars dit jier, ek de yntocht fan Sinteklaas. De organisaasje fan de yntocht yn Frjentsjer hat ôfrûne freed in beslút nommen: sy dogge de yntocht digitaal. Der bliuwe noch wol wat fysike aktiviteiten stean foar 5 desimber, mar sa as it oars gean soe, kin it net.

De yntocht fan Sinteklaas yn Frjentsjer yn 2017 - Foto: Shutterstock.com (Harry Wedzinga)

Foarsitter Theo Smit fan de Sinteklaasyntocht yn Frjentsjer seit dat der al yn maart foar it earst oerlein wurdt oer de yntocht. "Wy namen it automatysk al wat mei: wat moatte wy dwaan as it net kin? Op 'en doer waard it hieltyd dúdliker dat it net kin. Dan hakje je de knoop troch op in bepaald momint: sa geane wy fierder. Want je hawwe ek tiid nedich foar de tarieding."

Yntocht op film

In Plan B dus. Mar hoe moat dat derút sjen? "Wy binne al drok dwaande mei it útskriuwen fan in ferhaalline dêr't ús oanpak yn stiet. Dêrmei meitsje wy filmopnamen dy't de bern fan Frjentsjer en dêr bûten sjen kinne sa't der dochs in bytsje in yntocht is," seit Smit. Hy hie it leaver oars sjoen, mar ja. "In fysike yntocht kin dit jier gewoan net, hoe graach wy it ek wolle. It is gewoan net tûk."

'Drive-thru' en Sinteklaashûs mei pleksyglês

Der binne altyd sa'n trije wiken mei aktiviteiten yn de wykeinen. "Oars wiene der Oud-Hollandse spultsjes, no moatte wy it bygelyks mei in drive-thru dwaan, dêr't âlden mei de bern yn de auto by Sinteklaas del ride kinne om op de foto te gean. En in oare sneon sette wy yn it stedhûs fan Frjentsjer pleksyglês del sa't bern dochs noch delkomme kinne yn it Sinteklaashûs dêr't hy ferbliuwt."

Foar de frijwilligers is it ek efkes oars. Smit: "Je sitte mei-inoar om tafel en je geane mei dit plan fierder. Foar de ien is it efkes omskeakeljen, de oar komt fuortendaalks mei ideeën. It bliuwt in bernefeest. Mar dit jier moat it efkes oars as oars." Neat dwaan wie lykwols net in opsje. "Wy dogge it al sa lang en der is sa'n entûsjaste groep frijwilligers. Soks moat trochgean."

Foarsitter Theo Smit fan de Sinteklaasyntocht yn Frjentsjer

Trefwurden: 
Frjentsjer Sinteklaas yntocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)