Tineke Schokker hâldt op as boargemaster fan Flylân

07 sep 2020 - 19:30

Boargemaster Tineke Schokker hâldt op as boargemaster fan Flylân. Dat hat se de gemeenteried moandeitejûn witte litten. Schokker is offisjeel boargemaster fan it eilân sûnt 12 oktober 2017, mar wie fan 7 april 2015 ôf al waarnimmend boargemaster fan Flylân.

Foto: ANP Foto

Schokker liet de gemeenteried witte dat se seis jier lang genôch fynt en dêrom ophâldt. Ek mist se it thúsfront hieltyd mear. "Vooral dat laatste is de reden dat ik dit besluit heb genomen", liet se de ried witte.

Gouden middenwei

Der binne yn de ôfrûne perioade al meardere wikselingen fan Fryske boargemasters oankundige, sa hâldt ek boargemaster Bert Wassink fan Skylge nei ien termyn op. Soks is net goed foar de kontinuïteit fan it bestjoer fan de gemeenten neffens Schokker. "Tefolle wikselingen binne noait goed, mar te lang sitte trouwens ek net. Der is altyd in gouden middenwei, en dat is ek ien fan de redenen dat ik wachtsje oant in kalmere perioade."

Op it stuit hat Schokker noch gjin plannen foar de takomst, se is no noch hyltyd drok mei wurkjen. De ferwachting is dat Schokker oant de maitiid fan takommend jier oanbliuwe sil, de seleksjeproseduere foar de nije boargemaster sil ynkoarten opstart wurde.

Boargemaster Tineke Schokker

Trefwurden: 
Flylân Tineke Schokker
(Advertinsje)
(Advertinsje)