Hurdfytsploech Jumbo-Visma docht goede saken yn Tour de France; "Duimen voor de eindoverwinning"

07 sep 2020 - 17:56

De Nederlânske hurdfytsploech Jumbo-Visma stiet der goed foar yn de Tour de France. Hurdfytser Primoz Roglic hat snein de giele trui oernommen fan Adam Yates, en giet no dus oan kop yn it klassemint. Dat is mei te tankjen oan de ynspanningen fan sjefkok Karin Lambrechtse. Sy komt oarspronklik fan Goutum en wurket foar it team fan Jumbo-Visma yn de Tour de France.

Foto: ANP

"Het is echt fantastisch om mee te maken, het is een goed team" seit Karin Lambrechtse. Dizze Tour is fanwegen corona oars as oars. "Het is heel bijzonder, we zitten echt in een bubbel. We zijn afgeschermd van de rest in het hotel, hebben een eigen ruimte. En het personeel in het hotel is heel respectvol. Er is goed nagedacht over de logistieke zaken en mensen houden goed afstand."

Lange dagen

Op in koersdei makket se lange dagen, fan moarns 7 oere oant middernacht. "Ik begin met het ontbijt, daarna pakken we de kookwagen in en gaan naar het volgende hotel een paar honderd kilometer verderop. Dan sluiten we de boel aan en maak ik de herstelmaaltijden, het diner en de avondsnack. Dat ik lange dagen maak, weet je van tevoren. Het geeft me energie, dus ik vind het niet erg."

Al it iten is op maat foar elke fytser. "We zijn steeds meer aan het finetunen, ook in de productkeuze. We houden bijvoorbeeld rekening met minder vezels voor een bergetappe." De ploech hellet goede resultaten. "We duimen voor de eindoverwinning, we gaan het zien, we doen ons uiterste best."

Karin Lambrechtse

(Advertinsje)
(Advertinsje)