FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': it ferhaal fan Nynke

Wat docht it FACT-van Andelteam yn Dokkum? We hearre it yn de searje Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei. Dêryn siket programmamakker Miranda Werkman nei de ferhalen fan de minsken efter de doarren fan GGZ Friesland. Dizze moandei is de twadde ôflevering, mei it ferhaal fan Nynke. Sy hat ferskate kearen opnaam west omdat it libben har tefolle wie. It FACT-van Andelteam biedt help yn de eigen omjouwing.
De help fan it FACT-van Andelteam is hiel belangryk foar Nynke (har echte namme is bekend by de redaksje). Nei har lêste opname yn de traumaferwurkingsklinyk giet it in stik better.
It team fan de GGZ no sa tichtby har jout har feilichheid. Dat is ek krekt wat de bedoeling is fan it team: de minsken safolle mooglik thús opsykje en help biede. Mar soarget dat no just net foar mear 'betize persoanen' op strjitte? Psychiater Ellen Swart tinkt fan net, se hat folle mear soargen oer de minsken dy't just net de doar út komme.
Der binne meardere FACT-teams yn de provinsje. It unike oan Dokkum is dat de âldereinsoarch (Van Andel) der sûnt koart ek by sit.