Lelylijn in stap tichterby mei komst Nationaal Groeifonds

De oanlis fan de Lelylijn, de rappe ferbining tusken Rânestêd en Noard-Nederlân, liket in stap tichterby mei de presintaasje fan it Nationaal Groeifonds. Yn it fûns sit 20 miljard euro. Dêrmei moat de ekonomy klear makke wurde foar de takomst. Ungefear in tredde fan it jild is beskikber foar de oanlis fan ynfrastruktuer. De provinsje tinkt dat de spoarline in goede kâns makket op in bydrage út it fûns.
Lelylijn in stap tichterby mei komst Nationaal Groeifonds
Deputearre Avine Fokkens tinkt dat de Lelylijn foldocht oan alle belangrike easken: "Het gaat om projecten die van nationaal belang zijn. Hier willen we landsdelen verbinden, de leefbaarheid in het Noorden in stand houden en de Randstad ontlasten."
Se kriget stipe fan de foaroanman fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord, Sieger Dijkstra: "Wij zien goede kansen voor de aanleg van de lijn. Dat is al jaren een sterke wens. Je maakt het Noorden aantrekkelijk." Dochs is it mar de fraach oft dy line út it fûns betelle wurde kin. Fan de 20 miljard euro is ûngefear in tredde beskikber foar de oanlis fan ynfrastruktuer. De kosten fan de Lelylijn wurde rûsd tusken de 3 en 6 miljard euro.

Kennisûntwikkeling en ynnovaasje

De rest fan it jild moat neffens de ministers Wiebes en Hoekstra gean nei de ûntwikkeling fan kennis en ynnovaasje. Sieger Dijkstra sjocht ek dêr kânsen: "We doen hier veel op het gebied van zorg en energie, duurzaamheid. Ik denk dat het goed is in te gaan zetten op de ontwikkeling van groene waterstof. We hebben hier ook veel bedrijven die doen aan onderzoek en kennis. Vanuit VNO-NCW gaan we wel stimuleren om in te schrijven op het fonds."
© ANP
In oanfraach dwaan foar it fûns kin as it in wearde hat fan boppe de 10 miljoen euro. In panel fan eksperts besjocht dan oft de oanfraach foldocht oan de easken. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken ferwachtet noch dizze kabinetsperioade de earste útkearings te dwaan.