"Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe"

07 sep 2020 - 17:13

It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierren yn Maastricht rasistysk bejegene en ek sneon krige hy wer oerwâldlûden te hearren. Cambuurferslachjouwer Andor Faber hat de "oe-oe-oe-lûden" heard doe't hy yn it stadion wie. Hy is it foar in grut part wol mei Roelof iens. "It hie krêftiger west as Cambuur fan it fjild ôfstapt wie."

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Cambuurtrainer Henk de Jong beprate yn de rêst it foarfal mei Issa Kallon. Hy woe, krekt as oare spilers mei in in donkere hûdskleur, trochfuotbalje. Arjen de Boer: "It hinget der toch hiel bot fanôf wat Issa Kallon sels fynt?"

Dat fynt Roelof lykwols net. "Nee, hielendal net. It is net relevant wat allinnich Kallon fynt. Dêr binne we toch mei syn allen ferantwurdlik foar? Dan leist dus de ferantwurdlikheid del by Kallon, mar dy hawwe we toch allegear? We binne dêr toch mei syn allen ferantwurdlik foar? Dan moat Henk de Jong of Ard de Graaf dêr ferantwurdlikheid foar nimme. Mar ek Doke Schmidt of Sven Nieuwpoort. Of de supporters. Of wa dan ek. Ik stean op it fjild, ik hear oerwâldlûden, ik stap fan it fjild. Dat moatte we no gewoan allegear ris leare. Ik snap dêr hielendal neat fan. Ik wurd dêr echt woest fan."

Ferline jier kaam der in soad opskuor nei de wedstriid tusken Den Bosch en Excelsior, doe't in spiler fan Excelsior, Ahmad Mendes Moreira, rasistyk bejegene waard en de skiedsrjochter de wedstriid stillei. Dat wie 17 novimber 2019. Andor: "In soad opskuor wie der doe. Logysk ek. Der is in wurkgroep kaam. Hy hat yn allegear talkshows sitten. No is der gjin hoanne dy't dernei kraait. Mar it is toch absurd dat der gjin ruchtberheid oanjûn wurdt."

Grutte soargen oer SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean begjint folgjende wike mei de earste wedstriid fan it seizoen tsjin Willem II, mar der is genôch reden foar soargen. "As je seis oefenwedstriden spylje en se allegear ferlieze, dan is dat net bepaald in goeie tarieding," sa seit Roelof de Vries. "Mei NAC Breda en De Graafschap wienen it ek net bepaald heechfleaners", follet Arjen de Boer oan. Roelof de Vries: "Op dit momint, as Hearrenfean sa de kompetysje yngiet, dan moatte je as supporters je soargen meitsje."

Hearrenfean hellet nei alle gedachten noch in lading oan nije spilers. Technysk manager Gerry Hamstra hat oanjûn dat se der noch in twadde keeper, twa sintrale ferdigeners, in middenfjilder, in oanfallende middenfjilder en in fleugeloanfaller by ha wolle. De twa sintrale ferdigeners wurde nei alle gedachten, as alles goed giet, folgjende wike presintearre. It giet om de Poal Pawel Bochniewicz en Jan Paul van Hecke. Dy lêste wurdt hierd fan Brighton and Hove Albion, dy't him krekt kocht ha fan NAC Breda.

"Onverschrokken verdediger"

Yadran Blanco is sjoernalist fan BN DeStem út Brabân en is lyrysk oer de 20-jierrige ferdigener. "Hij is een onverschrokken verdediger, de nuchterheid zelve, bijna een uitstraling van een stripfiguur. Een groot talent is misschien een groot woord. Vergelijk hem een beetje met Jaap Stam. Pretentieloos, wars van uiterlijk vertoon, kan enorm goed verdedigen, kan zelfs een bal geven over 40 meter geven. En hij vertoont enorm normaal gedrag. Dat is ook al een uitzondering in het betaald voetbal."

De sjoernalist Blanco is fan, sa liket it wol. "Ik snap eigenlijk niet waarom een PSV of Feyenoord hem niet nemen. We zagen de bekerwedstrijd tegen PSV en vroegen ons echt af waarom PSV tien miljoen betaalt voor Baumgartl. Nou, wij zien het verschil niet." En oer it karakter fan it neefke fan âld-ynternasjonal Jan Poortvliet is hy ek posityf. "Hij heeft zijn karakter mee. Hij is geen Instagram-boy. Totaal niet onder de indruk van ambiances of stadions."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate ôfwikseljend dy yn de Sportcast alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is dizze kear yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)