KNSB wol kommende jierren grutte toernoaien nei Thialf helje

07 sep 2020 - 16:59

De Nederlânske reedrydfans kinne harren de kommende jierren klearmeitsje foar meardere titeltoernoaien yn it eigen lân. Neffens de meast resinte publikaasje fan de Internationale Schaatsunie, dêr't de oanfragen foar grutte reedrydwedstriden yn opsomme wurde, hat Nederlân him oant en mei 2025 foar meardere toernoaien kandidaat steld.

Foto: Orange Pictures

Takommend seizoen steane al de EK Allround & Sprint, de World Cup finale en it WK Shorttrack yn Nederlân pland. Foar it olympyske seizoen 2021/2022 binne de EK Ofstannen en opnij de wrâldbekerfinale al takend.

De KNSB hat by de ISU oanfragen yntsjinne om ek it WK Ofstannen 2023, it EK Ofstannen 2024, it WK Allround & Sprint 2024 en it EK Allround & Sprint fan 2025 op It Hearrenfean te organisearjen.

Yn it shorttrack binne oanfragen dien foar it EK fan 2024 of 2025 yn Dordrecht en it WK fan 2024 of 2025 yn Rotterdam.

De ISU sil nei ferwachting yn oktober dit jier de foarriedige tawizingen bekendmeitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)