Fernielings yn Dokkumer Bonifatiuspark; foar tûzenen euro's skea

07 sep 2020 - 16:44

By omwenners fan it Bonifatiuspark yn Dokkum is opskuor ûntstien. Yn it park en by de Bonifatiuskapel hawwe de ôfrûne moannen in soad fernielings west. Ien fan de bylden yn it park is beskeadige.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

"It giet om de tsiende staasje, dy ferbyldet de lijenswei fan Jezus. Op dit keunstwurk is mei in grutte stien omhakt. We tinke dat jeugd dat dien hat", seit Lammert de Hoop. "De stien ha we derby fûn mei stof fan it byld derop. It is in bêste stien, hy is amper te tillen."

De Hoop fynt it skande. "De bylden binne hjir yn 1949 delset en noait ha der problemen west oant twa jier lyn, doe wie der ek skea. It kostet tûzenen euro's." Om dit foar te kommen, binne al ferskate aksjes dien, lykas de jeugd oansprekke en de plysje mear surveillearje litte. "It stiet wat ferskûle yn it park. It is in iepenbier park en dat wolle we leaver net op slot dwaan, mar as dat de iennige oplossing is..."

Kameratafersjoch?

Der kinne gjin fertochten oanwiisd wurde mar der is wol in namme en in gesicht trochjûn oan de plysje. "Mar we kinne neat bewize." It ophingjen fan kamera's wurdt ûndersocht. "Kinst net samar minsken filmje."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

In saakkundige moat besjen oft reparaasje helber is. "En dat kostet jild, en dat ha we net te lizzen."

De Hoop docht in oprop oan de buert om te melden as se wat fertochts sjogge. "Ik doch ek in oprop oan de jeugd en de âlden, en de gemeente. De jeugd ferfeelt him blykber, miskien moat dêr wat foar komme."

Lammert de Hoop

(Advertinsje)
(Advertinsje)