Studinten krije wer fysyk les op staazjeplak by soarchynstellingen

Studinten fan it Friesland College kinne fan dizze wike ôf wer foar it earst fysyk les krije op harren staazjeplak yn de soarch. Moannenlang waard fanwegen corona inkeld online lesjûn as de studinten op staazje wiene, mar mei wat ekstra maatregels kin it no wer yn in leslokaal. Al giet dat noch altyd wol oars as oars. Sa is by Maeykehiem yn Sint-Nyk in gymlokaal omboud ta leslokaal.
Studinten krije wer fysyk les op staazjeplak by soarchynstellingen
"Ja, nu kan je hem eigenlijk niet meer gebruiken. Hij is niet meer steriel." Ien fan de studinten ferpleechkunde hat by fersin ien fan de oefenynjeksjespuiten falle litten. Stikken is er net, want hy komt telâne op in farsk stik blau tapyt dat op de flier fan de gymseal leit. Dat tapyt leit der spesjaal foar de praktykles dy't op it stuit oan de gong is. Dy moat de flier beskermje tsjin de taffeltsjes en stuoltsjes dy't der no steane, mar beskermet dus no ek de ynjeksjespuit. Ek al kin dy dus offisjeel net mear brûkt wurde.

Wer op staazje

De seis learlingen dy't dizze middei dwaande binne yn de gymseal fan Maeykehiem rinne hjir ek staazje. Foar de lessen dy't se neist harren staazje noch folgje moatte, sieten se de ôfrûne moannen allinnich mar achter de kompjûter. Alles barde digitaal. En dat is net ideaal, seker net foar hiel praktyske fakken sa as fan de ferpleechkundige fan it sikehûs.
"We hebben er wel lang over nagedacht hoe we dit weer konden gaan doen", seit Silvia Verweij, opliedingsadviseur fan Maeykehiem. "Maar we hadden ze liever hier in een leslokaal dan op de gewone schoollocatie."
© Omrop Fryslân
Dosint Lean van Ekelen fan it Friesland College is wiis dat se wer los kinne op Maeykehiem. "We zijn hier eigenlijk maanden mee bezig geweest om dit voor elkaar te krijgen. De gewone leslokalen die we hier hebben zijn niet geschikt, want daar kun je niet op anderhalve meter afstand van elkaar blijven. Zeker niet met het aantal stagelopers dat we hier hebben rondlopen."

Yn de gymseal

Allinnich al fan it Friesland College binne der 22 staazjerinners aktyf by Maeykehiem. En dêrneist binne der ek noch staazjerinners fan ferskate HBO-opliedingen en fan de Friese Poort. Dy kinne ek yn de nije sitewaasje net allegear tagelyk telâne yn de gymseal. "We kunnen nu zo'n 15 studenten tegelijk opvangen."
De gymseal is opdield yn twa leslokalen mei in grut gerdyn dertusken. Sa kinne oan beide kanten seis of sân studinten op oardel meter fan elkoar les krije. Mar op it stuit dat der echt praktykdingen dien wurde moatte, giet it mûlkapke op, want in (sabeare) prik sette op oardel meter giet net.
© Omrop Fryslân
Neffens bestjoerder Trijn Van der Meulen van Maeykehiem. "Wy fine it wichtich om de studinten dy't foar soarch keazen hawwe in plakje te bieden. It is al lestich om goed personiel te finen, dus we wolle hiel graach sjen litte dat we in fijne organisaasje binne om te wurkjen."

Risiko

Van der Meulen jout ta dat dêrmei wol in risiko naam wurdt dat fia dy wei in besmetting binnen komt. "Alles wat je no dogge, is in risiko, mar it risiko dat se de soarch ferlitte, is noch folle grutter en we ha dizze minsken gewoan nedich. We folgje alle rjochtlinen en bliuwe op oardel meter, dus it moat goed komme."
© Omrop Fryslân