Menamer oargelspiler hat miljoenen views op YouTube: "Minsken wurde der bliid fan"

07 sep 2020 - 14:33

It begûn as in grap, mar yntusken is dy grap folslein út de hân rûn. As je it prestearje om mei in eigen komposysje op YouTube 4,7 miljoen views te krijen, dan moat dat wol wat bysûnders wêze. It giet om muzyk fan Jelle van Marrum (53) dy't oer de hiele wrâld besjoen wurdt.

It idee kaam fan in famylje lid fan Jelle, dy hie sein dat hy wol in YouTube-kanaal begjinne koe. "Doe ha ik dat útsocht hoe't dat wurket, en tocht 'dat moat ik mar probearje'. Ik ha dat dien, en de folgjende dei hie ik myn earste euro al binnen!" Dat wie fansels moai, mar úteinlik giet it Jelle net om it jild, mar om de muzyk. "Makkest der dochs wol in hiel soad minsken bliid mei."

"Ast sjochst nei de muzykwrâld, dan binne it foaral keyboards, dy hawwe it wûn fan de oargels. By keyboards giet ek alles wat automatysker mei begelieding." It opnimmen fan de fideo's docht Van Marrum sels. "Ik nim it mei myn iPhone op en stream dat dan nei myn laptop ta." De fideo's wurde noch wol mei wat moaie plaatsjes bewurke, mar mear net.

Wrâldferneamd

De Menamer hat 71 fideo's op YouTube stean, en dy hawwe yn totaal 17 miljoen views. "Oer de hiele wrâld lústerje se nei myn muzyk. Sa ha ik in fan, sy is in keunstneres út Poalen, sy hat in keunstwurk makke oer myn muzyk."

De measte minsken lústerje yn Dútslân, Poalen en Nederlân, mar ek minsken út Sina besjogge de fideo's. Dy litte ek berjochtsjes efter yn it Sineesk, en dy beäntwurdet Van Marrum dan ek mei de help fan Google Translate. "Dat is sa no en dan ek wol in deitaak."

Van Marrum hâldt foaral fan romantyske muzyk, mar spilet ek wol tsjerke of meditaasjemuzyk. "Dat is mar krekt wat der yn my opkomt." Sels techno kin op it oargel spile wurde. Dochs sil hy dat net in soad spylje yn syn fideo's, want hy, en ek syn folgers, fine foaral de romantyske muzyk moai.

Petear mei Jelle van Marrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)