KNVB ûndersiket rasistyske sprekkoaren by MVV-Cambuur: "We nemen het hoog op"

Fuotbalbûn KNVB docht ûndersyk nei de rasistyske sprekkoaren by de wedstriid tusken MVV en SC Cambuur. Nei't fleugelspiler Issa Kallon in giele kaart krige, soe er troch supporters fan MVV rasistysk bejegene wêze. De KNVB seit it heech op te nimmen en sil ûndersykje wat der krekt roppen is en troch wa.
Henk-de-Jong-oer-rasisme-3
Trainer Henk de Jong fan Cambuur liet nei ôfrin fan de wedstriid witte dat er de rasistyske opmerkings fan de MVV-fans ôfkart. "Ik ha it der mei Issa oer hân. Yn it skoft ha wy efkes sitten, want dit rekket sa'n jonge. Mar it sinjaal fan de groep wie dat we trochspylje woenen."
Kallon spilet sûnt 2017 foar Cambuur. Alle kearen dat er mei de Ljouwerters fuotballe yn Maastricht krige er it persoanlik swier foar de kiezzen. Ferslachjouwer Andor Faber wie sneon by de wedstriid oanwêzich. "Wat ik sels heard ha, binne apelûden as Kallon oan de bal wie. Mar it is lestich om krekt te hearren wat der sein is."
Neffens in wurdfierder fan de KNVB duorret it ûndersyk sa'n oardel wike oant twa wiken. Alle belutsenen sille heard wurde en op basis dêrfan sil der in rapport opsteld wurde. "We nemen het hoog op", lit it fuotbalbûn yn in reaksje witte. Salang't it ûndersyk rint, wol de KNVB neat oer de ynhâld dêrfan sizze.
Issa Kallon krijt de giele kaart, wêrnei't supporters fan MVV him rasistysk benadere hawwe soene © Orange Pictures

Reaksje MVV

De KNVB hat MVV yntusken ynljochte oer it ûndersyk. "Uiteraard verlenen we alle medewerking aan het onderzoek van de KNVB. Mocht bewezen worden dat er inderdaad sprake was van racisme, dan neemt MVV Maastricht daar stellig afstand van. Dat hoort niet thuis in ons stadion", seit Erik Noor, algemien direkteur fan de Limboarchske fuotbalklup.
Ferslachjouwer Andor Faber oer it rasisme-ûndersyk