Seis nominearren foar de Anton Wachterpriis 2020

07 sep 2020 - 14:18

Dit jier binne seis boeken nominearre foar de Anton Wachterprijs, dat is de priis foar it bêste Nederlânsktalige literêre proazadebút fan it ôfrûne jier. Begjin oktober wurdt de winner bekendmakke.

Ellen de Bruin krige yn 2018 de Anton Wachterpriis - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De nominearren binne: Harpie fan Hannah van Binsbergen, De slaap die geen uren kent fan Sebastiaan Chabot, Messias van niks fan Michiel Cox, De achtste dag fan Annemarie Haverkamp, De wateraap fan Mariken Heitman en Wij, het schuim fan Caro van Thuyne.

Foar de priis neamd nei de haadpersoan yn de romansyklus fan Simon Vestdijk wienen dit jier 127 ynstjoeringen, dat is seis minder as yn 2018. De sjuery bestiet dit jier út Gerbrand Bakker, Kees 't Hart, Joke Linders, Marja Pruis en Geart de Vries.

De twajierliks priis wurdt 7 novimber útrikt yn de Grutte Tsjerke yn Harns. Eardere priiswinners binne Arnon Grunberg, A.F.Th. van der Heijden, Tessa de Loo, Peter Buwalda, Ilja Pfeijffer en yn 2018 krige Ellen de Bruin de priis.

(advertinsje)
(advertinsje)