Snitser oplichter moat fjouwer wiken de bak yn

07 sep 2020 - 13:17

In 57-jierrige Snitser draait foar fjouwer wiken de bak yn nei't er besocht hie om in âld-klasgenoatsje en in eks-kollega fan syn broer jild ôfhannich te meitsjen. Dêrby betocht de Snitser sneue ferhalen om oan it jild te kommen.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

Op 1 septimber ferline jier stie de Snitser by in âld-kollega fan syn broer oan de doar. Hy fertelde dat syn broer yn it sikehûs lizze soe en dat er jild nedich hie om op besite te gean. De âld-kollega fertroude it saakje net en joech de man gjin jild. Yn jannewaris hie de Snitser mear gelok, doe't er by in âld-klasgenoatsje in ferhaal út de tûme sûge oer syn soan dy't in ûngelok hân hie. De frou joech de oplichter 20 euro.

De rjochter traktearre de man op fjouwer wiken selstraf, mei om't er al earder feroardield wie foar oplichting en finansjele delikten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)