Plysje siket tsjûgen fan oanriding yn Dokkum

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding sneintejûn om healwei achten yn Dokkum. Op de rotonde by de Spar ried in wite auto tsjin in frou oan. De frou is yn ferwachting en hold lichte ferwûnings oer oan de oanriding.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
De bestjoerder ried yn in wite auto en ried nei it ûngelok troch. De plysje hat op Facebook in oprop setten en ropt tsjûgen fan it ûngelok op harren te melden.