Tredde fan de psychiaters wol sels op de bank lizze

In tredde fan de psychiaters yn Nederlân tinkt wolris oan ophâlden mei it wurk. Dat blykt út ûndersyk ûnder goed 800 psychiaters yn Nederlân en België. Hast tritich prosint fan de ûnderfrege helpferlieners jout oan dat se har emosjoneel wurch fiele en wolris tinke oan ophâlden.
© ANP Foto
Psychiaters binne benammen ûntefreden oer harren posysje yn de geastlike sûnenssoarch. Fjouwer op de tsien jout oan dat de sûnenssoarch te grut wurden is om noch persoanlike soarch jaan te kinnen. Hast alle psychiaters dy't meidien hawwe oan it ûndersyk jouwe oan dat se de wachtlisten te lang fine.
Elnathan Prinsen, foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Psychiatrie, herkent it byld dat yn it ûndersyk nei foarren komt. "Je raakt soms bekneld tussen de dingen die je zelf goed vindt voor de patiëntenzorg en de dingen die de organisatie van je verwacht."