Foarsitter VNO-NCW: "Lelylijn is wer in stapke tichterby"

07 sep 2020 - 12:31

Kin de Lelylijn no einliks oanlein wurde? Dat is de grutte fraach dêr't mooglik ynkoarten in antwurd op komt. Moandei presintearren ministers Wopke Hoekstra en Eric Wiebes it Groeifonds, in fûns dat 20 miljard beskikber stelt foar kennisûntwikkeling en ynnovaasje yn ynfrastruktuer. Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noard, tinkt dat de Lelylijn dêrmei wer in stapke tichterby is. "Maar we moeten verder kijken dan alleen een spoorlijn."

Groeifonds

Neffens Dijkstra moatte we yn it noarden benammen sjen nei it ferbetterjen fan ús kennisekonomy. "In het noorden zijn we sterk op verschillende gebieden. Denk aan agri & food, waterstof en de zorg. Op die onderwerpen kunnen we het verschil maken. Voor waterstof wordt vanuit Brussel ook geld beschikbaar gesteld. Als we gezamenlijk optrekken in de energietransitie kunnen we echt stappen maken."

Om dat lûd goed foar it fuotljocht te bringen, is it saak dat Fryslân, Grinslân en Drinte mei syn trijen itselde boadskip ferkondigje, fynt Dijkstra. "Onze inzet is te zorgen dat we met z'n allen zorgen voor een gezamenlijke agenda. We moeten ons geluid goed laten horen om dezelfde boodschap over te brengen."

Foto: http://www.lelylijn.eu

Sieger Dijkstra oer it Groeifonds

Trefwurden: 
VNO-NCW Lelylijn Groeifonds
(Advertinsje)
(Advertinsje)