Earste peal Wynpark Fryslân op Iselmar de grûn yn

De bou fan Wynpark Fryslân is moandei op it wetter fan de Iselmar úteinset. It wynpark komt te stean op 89 fundearringspeallen, wêrfan't moandei de earste de grûn yn gong.
© Zuiderzeewind
Oannimmer Zuiderzeewind sil de kommende moannen sân dagen yn de wike dei en nacht trochwurkje om de 89 peallen te slaan. Alle dagen kinne der nei ferwachting twa peallen slein wurde. As alles goed giet steane de peallen yn jannewaris op harren plak.
Wynpark Fryslân sil griene stroom leverje oan sa'n 500.000 hûshâldens.