Amaryllis Ljouwert start kampanje tsjin messebesit by jongeren

07 sep 2020 - 10:47

Jongereinwurkers fan wykteam Amaryllis dogge mei oan de kampanje NoShank om it wapenbesit by jongeren omleech te krijen. Hieltyd faker sjogge jongereinwurkers dat jongeren messen by harren hawwe. Mei de kampanje NoShank wolle se it tal messen en fjochtpartijen in halt ta roppe.

Foto: Omrop Fryslân

Ek meiwurkers fan de hanthaving yn Ljouwert sjogge yn harren wurk hieltyd faker dat jongeren messen by har hawwe. "De afgelopen maanden troffen wij herhaaldelijk steekwapens aan onder jeugd. In sommige gevallen zelfs meerdere keren per week. Een zorgelijke ontwikkeling."

Trefwurden: 
Amaryllis NoShank messebesit
(Advertinsje)
(Advertinsje)