Kollum: "Boargerlik to the max"

"Ik ried foar it earst yn de blauwe Volkswein Transporter-bus fan ús heit en mem. Ik wit noch presys myn allerearste ritsje by de Spar wei. Wy hienen krekt myn rydbewiis by it gemeentehûs yn Drachten ophelle en wy rieden Aldegea wer yn doe't ús heit sei: 'No, dan sels mar efkes ride tink?' Ik skiet sân kleuren. De rit nei hûs ta ha'k leau ik yn ien en deselde fersnelling dien. Ik fielde my sjauffeur op in Dalstra Reizen-bus.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Dêrnei folge myn earste eigen autooke: in blauwe VW Golf. Net de allernijste, mar in prima bakje. De ferve bleddere foar wat fan de motorkape ôf, mar fierder seach er der piekfijn út. Doe't er hielendal ôfriden wie, waard myn Golfke opfolge troch in swarte VW Polo. En dêr ryd ik no noch altyd yn. Ik ha dus yn myn libben yn trije auto's riden. Allegear Volksweinen.
Doe't der by ús thús in nije auto komme moast, pleite ik dêrom fuortendaliks foar in VW. In moai Golfke like my wol wat. Mar dat idee waard al ôfsketten noch foardat ik it wurd Golf folslein útsprutsen hie. Golfkes binne foar jonkjes mei petsjes op, dy't mear njonken as op de stoel sitte, wie it argumint. "Mar in Golf Plus dan?" besocht ik noch. Dat wie in âlde minske-auto, waard der sein.
En dus waard it úteinlik gjin VW dy't no njonken myn Polootsje op it hiem stiet. As ik út it rút wei sjoch, dan sjoch ik myn eigen fertroude weintsje, mei dêr njonken in swarte Ford B-max. In Ford ja. En dan ek noch in B-max. De B stiet foar 'boargerlik', en dan dus boargerlik to the max. Mei stoelferwaarming, skodoarren achteryn en in 'afneembare trekhaakkogel'. Al dyn sexappeal ferdampt as snie foar de sinne ast yn in Ford B-max rydst.
Dat wie ek presys wat ik tsjin myn broer sei doe't er in jier lyn syn nije auto sjen liet. In Ford Focus Station. Ek sa'n aldermachtichst deeglike famylje-auto. Ik lake 'm suver út. Dat komt omdat myn broer altyd yn fan dy rappe bakken ried.
Hy begûn oait mei in oppimpte Toyota Corolla, dêr't ik it riden ek noch yn leard ha. Dêrnei folge in grauwe sulverkleurige BMW, dêr't in motor yn lei út in Ferrari wei, alteast as ik myn broer leauwe mocht. Der sieten ek rappe bannen ûnder. Dy wienen sa grut dat wy gjin inkele drimpel mear oer ride koenen sûnder datst de bannen oanskaven heardest. Mar dat die der net ta. It wie in fette bak.
Tsien jier letter stie er grutsk njonken in Ford Focus Station. Handich al dy romte, fertelde er, fanwege de Maxi-Cosi, de bernewein en it bernestuoltsje. Presys, boargerlijk dus. Ik ha smaaklik lake en ik rôp datst my noait yn in Ford sjen soest. Mar dêr siet ik dus efkes mis. Want no stiet der krekt sa'n deeglike famyljewein by ús op it hiem.
Doe't ik ús B-max foarige wike oan myn broer sjen liet, begûn dy te laitsjen. Myn tantesizzer fan twa woe ek efkes sjen en rôp fuortendaliks 'Pake en beppe!' doe't se ús nije oanwinst stean seach. Dat grapke fertelde ik thús, mar dit kear waard der net lake. Ien ding is wis: ek al soe ik it wolle, ik mei noait yn in Ford B-max ride."