Deputearre Fokkens: "Oanlis Lelylijn past treflik binnen doelstellingen Groeifonds"

07 sep 2020 - 06:39

De presintaasje fan it Nationaal Groeifonds moandeitemoarn troch de ministers Wopke Hoekstra fan Finânsjen en Eric Wiebes fan Ekonomy is ek foar Fryslân in wichtich momint. It is seker spannend foar deputearre Avine Fokkens, want sy wol graach dat it nije fûns, dat bedoeld is foar grutte lange termyn ynvestearringen, brûkt wurdt foar de oanlis fan de Lelylijn.

Foto: Pexels.com

De spoarline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins foldocht neffens deputearre Fokkens hielendal oan de doelstellingen fan it nije fûns. "De Lelylijn is niet alleen voor Fryslân of het noorden, maar voor heel Nederland van belang. Het gaat ook om de leefbaarheid van de Randstad en de leefbaarheid van Zwolle. Bovendien kan de lijn worden doorgetrokken naar Duitsland en Scandinavië. De Lelylijn brengt de BV Nederland verder."

'Wopke Wiebesfûns'

It nije fûns, dat yn de kuiergongen ek al bekend stiet as it 'Wopke Wiebesfûns', waard oankundige op Prinsjesdag 2019. Minister Hoekstra pleite doe noch foar in fûns fan 50 miljard euro foar grutte ynvestearringen foar takomstige generaasjes, mar troch de kosten fan de coronakrisis is it fûns yntusken al krompen oant 20 miljard. By de oankundiging fan it fûns neamde premier Mark Rutte ôfrûne freed ynvestearringen yn ynfrastruktuer mei klam as ien fan de saken dêr't it fûns foar brûkt wurde kin.

Oanliskosten

Deputearre Fokkens hearde de útspraak fan Rutte mei niget oan. "Helemaal goed. Zijn verhaal past één op één op de Lelylijn." De kosten fan de oanlis fan de Lelylijn wurde neffens in earder dit jier presintearre rapport rûsd op 3 oant 6 miljard. It projekt soe dêrmei folslein út it Groeifonds betelle wurde kinne, hopet Fokkens.

Foto: Omrop Fryslân

Underbouwe mei sifers

In folgjende logyske stap rjochting in definityf beslút oer de Lelylijn is neffens Fokkens in maatskiplike kosten-batenanalyse. "Voor mij is nut en noodzaak al lang aangetoond, maar ik kan me goed voorstellen dat iets meer cijfermatige onderbouwing wenselijk is." Fokkens wiist der op dat der ferlet is fan in soad nije wenten yn Nederlân. Mei in Lelylijn wurdt Fryslân better berikber en oantrekliker foar minsken dy't in betelbere wente mei wat romte sykje. "Er liggen kansen. Niet alleen voor Drachten en Heerenveen, maar voor heel Fryslân. Het is nu of nooit."

Omjouwingsfyzje

Yn de nije omjouwingsfyzje hâldt de provinsje Fryslân al rekken mei de mooglike oanlis fan de Lelylijn. Neffens Fokkens dogge ek de gemeentes dêr't it trasee trochhinne rint der goed oan om sa njonkenlytsen rekken te hâlden mei de mooglike oanlis fan de Lelylijn.

Harkje nei Mark Rutte en Avine Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)