Autobrân nei ûngelok lâns de A6 by Tsjûkemar

06 sep 2020 - 21:34

Lâns de A6 by de Tsjûkemar is sneintejûn in auto yn de brân flein nei in ûngelok. It is net dúdlik oft der in persoan yn de auto sit of siet. Der is op syn minst ien ferwûne.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De auto rekke fan de dyk by it rêstplak De Lanen en kaam ta stilstân tsjin in beam. Der binne ferskate helptsjinsten teplak op it plak fan it ûngelok. De ferwûne persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)