Benno Tuinstra hellet 15.695 euro op mei swimtocht op 'e Jouwer

06 sep 2020 - 21:05

Benno Tuinstra fan Skarsterbrêge hat snein sûnder problemen syn swimtocht 'De 11 fan De Jouwer' folbrocht. Tuinstra wie sels earder as pland by de einstreek yn De Broek, dêr't er opwachte waard troch Maarten van der Weijden.

Benno Tuinstra en Maarten van der Weijden oer it inisjatyf:

Swimtocht Benno Tuinstra

Van der Weijden soe dit jier in alvestêdeswimestafette organisearje. Om't dy net trochgean koe fanwege it coronafirus, hat Tuinstra sels in alternatyf organisearre. Lange ôfstannen swimme is foar Tuinstra ek in persoanlike oerwinning, omdat er earder nei in earnstich motorûngelok in skoft ferlamme wie troch in dwerslaesie.

As der safolle minsken binne dy't je stypje, dan wolle je ek graach wat dwaan.

Benno Tuinstra

Tuinstra wie persoanlik sa motivearre om in ein te swimmen foar de Maarten van der Weijden Foundation, dat er snein syn eigen swimevenemint hold. "As der safolle minsken binne dy't je stypje, dan wolle je ek graach wat dwaan", sa sei er dêr sels oer.

Van der Weijden hie op syn beurt wer safolle wurdearring foar it inisjatyf fan Tuinstra, dat er snein ek te wetter gie op 'e Jouwer en it earste eintsje mei him op swom. "Wat Benno doet en Benno z'n verhaal is zo geweldig, dat ik moest hier bij zijn", ferklearre Van der Weijden op 'e Jouwer.

Benno Tuinstra nei it foltôgjen fan syn tocht - Foto: www.orange-pictures.nl

Tusken de bedriuwen troch joech er Tuinstra ek noch wat praktyske tips foar it lange-ôfstânswimmen. Ien dêrfan is om sunich te wêzen mei enerzjy en net te hurd te begjinnen.

Tuinstra waard begelaat troch stand-up-peddelers, folchboaten en in roeiboat. Dy moasten him ûnderweis earder ôfremje as oanmoedigje om hurder te swimmen. Underweis hie Tuinstra gjin problemen en sadwaande kaam de swimmer folle earder as tocht by de einstreek.

'De 11 fan de Jouwer' hat 15.695 euro opbrocht. In sjek mei dat bedrach waard by de einstreek presintearre oan Maarten van der Weijden.

De opbringst fan de swimaksje waard sneintejûn presintearre - Foto: Omrop Fryslân

Maarten van der Weijden oer de tocht fan Benno Tuinstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)