PC-foarsitter sjout mei stuollen op it Sjûkelân: "Yn it keatsen binne je tsjinstber"

06 sep 2020 - 20:52

De bêste keatsers fan Fryslân strieden snein op it Frjentsjerter Sjûkelân. Net op de PC dit jier, mar op in 'gewoane' haadklassepartij. Want in PC kin dan wol net trochgean, der moat wol keatst wurde, seit PC-foarsitter Ids Hellinga.

Foto: Henk Bootsma

Hellinga sjoude snein sels om mei de stuollen, bestjoerslid Theunis Bakker fan de PC rûn om mei de kweapeallen: "Yn it keatsen binne je tsjinstber", seit Hellinga. "Yn juny hiene we al oanjûn dat we ús bêst dwaan woene om in partij te organisearjen, ek as de PC net trochgong." En dus organisearre de Permanente Commissie mei keatsferiening Jan Bogtstra, it keatsbûn en it keatsmuseum snein in partij.

In soad teloarstelde lûden út de keatswrâld hat Hellinga net heard, oer dat de PC net trochgong. "Taeke Triemstra hat der wol in pear kear wat oer sein, mar dat snap ik fan him ek wol as sportman. Dêr moatte wy ek net te muoilik oer dwaan."

We hiene hjir hjoed wol in buordsje mei 'PC' by de yngong ha kinnen en wat kamera's derby, mar dan wie it noch gjin PC.

Ids Hellinga

Mar by in PC heart ambiânse, publyk, leven. No't dat om it coronafirus net mooglik is, giet de belangrykste keatswedstriid fan it jier net troch. Hellinga: "We hiene hjir hjoed wol in buordsje mei 'PC' by de yngong ha kinnen en wat kamera's derby, mar dan wie it noch gjin PC. Wa hâlde je dan foar de gek? Guon sporten kinne wol sûnder publyk, mar de PC moat mei publyk. Sa simpel is it."

Keatspartij organisearje mei protokollen kin wol

In gewoane haadklassepartij is lykwols wol mooglik, seit Hellinga. "Je sjogge hjoed ek wol dat it hielendal net sa dreech is om in partij te organisearjen. Mei de protokollen is best wol te libjen. Der moat keatst wurde, dat fine wy ek. Mei dizze omstannichheden en dit publyk kin dat."

It keatsen yn Frjentsjer waard snein wûn troch Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

Ids Hellinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)