LDODK mei minym ferskil ûnderút yn earste fjildwedstriid

De kuorballers fan LDODK ha de earste kompetysjewedstriid fan it nije fjildseizoen ferlern. Yn Delft wie Fortuna mei in minym ferskil te sterk: 17-16.
© www.orange-pictures.nl
Yn de tarieding op it seizoen rjochte LDODK him foaral op de sealkompetysje. Oant it safier is, komt de ploech fiif wedstriden yn de fjildkompetysje. Yn de earste wedstriid wie der dus ferlies foar de ploech fan trainer Henk-Jan Mulder.
LDODK spilet yn de Eareklasse A. Yn de Eareklasse A en B sitte elk seis teams. De bêste twa fan beide pûls stride oan de ein yn de play-offs om de nasjonale titel.

Ferline seizoen gjin kampioen

Ferline jier is de fjildkompetysje net ôfmakke. Nei fiif wedstriden stie LDODK doe op it tredde plak. Nei de sealkompetysje soe it seizoen ôfmakke wurde, mar troch de coronakrisis is dat der net fan kaam.
De lêste kear dat de fjildkompetysje wol ôfmakke waard, einige LDODK as twadde. Doe wie DOS'46 te sterk yn de finale.