'Enerzjyk en dynamysk' frouljusteam SC Hearrenfean wint earste wedstriid

06 sep 2020 - 16:43

Sportklup Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid yn de Earedifyzje foar froulju wûn. Yn Rotterdam wie de ploech fan trainer Roeland ten Berge mei 2-0 te sterk foar Excelsior. Dy stân stie by it skoft al op it skoareboerd.

Foto: www.orange-pictures.nl

De earste kânsen wiene foar de Friezinnen, mar de thúsploech hold in goed healoere stân. Doe iepene Kirsten van de Westeringh de skoare. Se waard de djipte yn stjoerd, wie krekt wat earder by de bal as doelfrou Isa Pothof en tikte de bal yn de fiere hoeke. Fiif minuten letter ferdûbele Francicsa Cardoso de foarsprong. Se kaam achter de definsje en kopte fan tichtby raak.

Nei it skoft wiene de bêste kânsen ek foar SC Hearrenfean, mar ta skoaren kaam de ploech net mear. Excelsior waard pas tsjin de ein in pear kear gefaarlik, mar de Fryske definsje hold it doel skjin.

Trainer Roeland ten Berge wie tefreden oer syn ploech, hy fûn it in goede wedstriid. "We hadden veel controle. In eerste helft hadden we al verder moeten uitlopen. Na rust hadden we het iets moeilijker, maar ik ben wel heel tevreden."

Bouwe oan nij team

Mei Hearrenfean moat Ten Berge alle jierren bouwe oan in nij team. "Veel speelsters maken mooie transfers, daar zijn we trots op. En we hebben nu weer een jonge en talentvolle groep, met veel energie en dynamiek. Dat hebben ze vandaag direct laten zien."

Earder fûn Hearrenfean de jonge en talintfolle spylsters by de opliedingen fan Ajax en PSV, mar no sjocht de klup ek fierder. "We moeten goed scouten bij beloftenteams of bankzitters bij de topclubs. Maar we kijken nu ook naar de internationale markt, dat levert ook leuke dingen op." Sa komt Francisca Cardoso oer út Portugal. "Met haar hebben we er een leuke speelster bij."

Plakje by kampioenspûl feroverje

Kommende wike spilet Hearrenfean in thúswedstriid tsjin PSV. Dy ploech kaam dit wykein noch net yn aksje, fanwege coronagefallen yn de seleksje. PSV is neffens Ten Berge in grutte titelfavoryt. "Maar ik ben blij dat we ze nu al treffen. PSV, Ajax en Twente zitten normaal gesproken altijd bij de beste vier die zich plaatsen voor de kampioenspoule. Dan blijft er nog een plekje over, daar strijden wij voor."

Trainer Roeland ten Berge

(Advertinsje)
(Advertinsje)