Sijbrandij-en-dy ek de sterksten yn Wergea

06 sep 2020 - 16:22

It partoer fan Nienke Sijbrandij hat de frijeformaasjepartij yn Wergea wûn. Yn de finale wiene Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sijbrandij-en-dy stiene oer de hiele dei mar fjouwer buordsjes ôf. Yn de earste omloop wûnen se mei 5-1 6-4 fan Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra. Dêrnei waard it 5-1 6-2 tsjin Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries.

Yn de finale wienen de earste earsten spannend, mar Sijbrandij-en-dy lutsen alle kearen oan de langste ein. Doe't it 3-0 wie, pakte ek it trio-Tuinenga in buordsje. Spannend waard it lykwols net mear. Op 5-2 en 6-6 makke it partoer Sijbrandij dien wurk.

Fjirde haadpriis

It is al de fjirde kear dat Sijbrandij-en-dy dit seizoen de haadpriis pakke. Earder wienen se de sterksten yn Sint-Anne, Wommels en Huzum.

De tredde priis yn Wergea wie foar Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol. Sy wûnen fan it partoer fan Wybrig Bakker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)