Partoer Van Zwieten wint mei oermacht yn Frjentsjer

06 sep 2020 - 16:08

Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ha mei oermacht de haadklassepartij yn Frjentsjer wûn. Yn de finale waard it 5-0 6-6 tsijn Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. It is de tredde seizoensoerwinning foar Van Zwieten-en-dy.

Hans Wassenaar, Menno van Zwieten en Renze Pieter Hiemstra - Foto: Henk Bootsma

Yn de earste omloop wûnen Van Zwieten-en-dy sûnder al te folle problemen fan Simon Zijlstra, Jelle Scharringa en Paulus Yde Walda. Dêrnei waarden Remmelt Bouma, Bauke Dijkstra en Willem Heeringa ek frij rap oan 'e kant set. Doe wie it partoer fan Van Zwieten al wis fan de finale.

Menno van Zwieten oer de winst yn Frjentsjer

Dêryn troffen se it trio-Bergsma. Dy hiene it oant de finale ek net al te dreech hân: 5-1 6-0 tsjin Enno Kingma, 5-0 6-6 tsjin Haije Jan Nicolay en dêrnei 5-1 6-6 tsjin Gert-Anne van der Bos. Dat trio pakte de tredde priis. Dêrmei komt Taeke Triemstra op 799 punten yn it ivige punteklassemint.

Al gau ôfstân

Yn de finale namen Van Zwieten-en-dy al gau ôfstân fan it trio-Bergsma. Dy liken noch ûnderweis nei ien buordsje, want se kamen skjinne seis foar yn it lêste earst. It partoer fan Van Zwieten kaam lykwols werom en op 6-6 sloech Van Zwieten sels in sitbal achteryn it perk.

Ferliezend finalist Hendrik Kootstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)