Cambuur Sjoernaal: Doelpuntefestival yn Maastricht

De earste warskôging kaam fan MVV, mar nei't Robin Maulun foar SC Cambuur de iepeningstreffer makke, gie it hurd. De Ljouwerters lieten neat hiel fan MVV en wûnen mei leafst 7-1 yn Maastricht. Sadwaande waard it in moaie jûn foar de manlju fan Henk de Jong. Dat waard it hielendal foar Jhondly van der Meer, de achtjinjierrige ferdigener debutearre sneon yn it duel mei MVV. Hy rûn hast de hiele jeugdoplieding fan Cambuur troch.
Sjoch hjirûnder nei it nije Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal: Doelpuntefestival yn Maastricht