Man út Easterwâlde (40) komt om it libben by ûngelok yn Grinslân

06 sep 2020 - 14:59

By in ûngelok yn it Grinslanner Marum is in man fan 40 jier út Easterwâlde om it libben kommen. Hy wie oan it wurk en kaam terjochte ûnder in stellaazje wêrop't kezinen stean kinne.

Foto: De Vries Media

Brânwachtploegen út Drachten en Marum, twa ambulânsen en in traumahelikopter kamen nei it plak fan it ûngelok, mar sy koene de man net mear rêde.

De ynspeksje fan it ministearje fan Sociale Zaken en Werkgelegenheid hat mei de plysje ûndersyk dien nei it ynsidint. Dêrút is dúdlik wurden dat it net om in arbeidsûngelok giet.

Trefwurden: 
ûngelok Easterwâlde Marum
(Advertinsje)
(Advertinsje)