Animo foar kreative kursussen groeit: "Zelfs coronaproof kunnen we het redden"

De belangstelling foar kreative kursussen op it mêd fan skilderjen, muzyk of juwielen meitsje, liket yn Ljouwert wer ta te nimmen. De ôfrûne maitiid waarden ferskate kursussen stopset fanwege it risiko op corona. Ek doarden guon kursisten net mear nei de les te kommen. Ferfelend foar de kursisten, mar ek foar de dosinten.
It lesatelier fan Jaap Ket yn de Westertsjerke © Omrop Fryslân
Dit wykein wie op mar leafst tweintich lokaasjes yn Ljouwert de start fan it nije kursusseizoen fan Kunstkade. Dêr kamen aardich wat dielnimmers en potinsjele kursisten op ôf. Ek by keunstskilder Jaap Ket yn de Westertsjerke wie aardich flecht op de koai. "Dat gaat best aardig. Ik ben net een paar uur bezig en er zijn nu al zo'n twintig mensen geweest. En daar zitten ook cursisten bij."
Troch de tanimmende aktiviteiten yn de Westertsjerke kin Ket lykwols minder faak op syn leslokaasje telâne. Hy brûkte de iepen dei dêrom ek foar oerlis mei syn benammen froulike kursisten oer de bêste lestiden oan it begjin fan de wike. Troch it tal kursisten yn ien groep te beheinen kin der goed lesjûn wurde mei behâld fan de oardel meter ôfstân, sa tinkt er. "Zelfs coronaproof kunnen we het redden."
Wurkbank by edelsmidkollektyf CEL yn de Blokhúspoarte © Omrop Fryslân
Martin Pals fan it Gitaarhuis is net sa bot mei it coronaprobleem dwaande. Gitaarles is faak yndividueel of in lytse groepkes en syn lesromte is grut genôch. Mar ek Pals is bliid mei de oanrin en de nije kursisten dy't har melde. Pals besiket ekstra publyk te lûken troch sa út en troch ek lytsskalige konserten te organisearjen.

Pleksyglês

By it kollektyf edelsmeden Ljouwert CEL yn de Blokhúspoarte wie dit wykein aardich wat flecht op de koai. CEL bestiet noch mar in jier. Foar harren wie it hiel ferfelend, doe't se dizze maaitiid ophâlde moasten fan lesjaan. Yn juny waarden de aktiviteiten wer oppikt yn in oanpaste lesromte mei pleksyglês tusken de kursisten en in grut skerm om alle 'lytse techniken' goed oan de dielnimmers sjen te litten.
"Het zetten van edelstenen is zo klein, dat je dat niet op anderhalve meter afstand kunt laten zien", fertelt edelsmid Sanne Bergsma. "We hebben net een groot scherm laten komen voor het aanleren van die kleine technieken."
© Omrop Fryslân
It ôfrûne jier folgen al sa'n sechtich minsken in kursus by CEL, foar it kommende seizoen wurdt hope op in foarsichtige groei. Bergsma: "Er zijn steeds meer mensen die het maken van juwelen interessant vinden. Als edelsmid vind ik mooi om mijn kennis door te kunnen geven."
It kursusoanbod fan Kunstkade dat dit wykein demonstrearre wurdt is noch folle breder as muzyk, skilderjen en juwielen meitsjen. Der wiene ek demonstraasjes fotografy, dûns, keramyk, toaniel en sirkus.
Beharkje ús reportaazje oer de seizoensstart fan Kunstkade