Iepening seizoenseksposysje galery De Roos van Tudor yn Ljouwert bûtendoar

De iepening fan de nije tentoanstelling fan galery De Roos van Tudor yn Ljouwert is bûtendoar. Yn ferbân mei de coronamaatregels wurdt de iepeningshanneling fan de seizoenstentoanstelling 'Flower Power' sneintemiddei bûten de galery dien, op de Eewal.
© Galery De Roos van Tudor
Mear as fyftjin keunstners dogge mei oan de eksposysje, sa as de Ljouwerter keunstners Gemma Reuten en Catrinus Spinder, en ek Cote Veragua, de stedskeunstner fan Ljouwert. Fan Spinder is der in metersgrut wandpaniel te sjen. Ek de mûlkapkes dy't makke binne fan de âlde gerdinen fan Gerard Reve binne te sjen.
De tentoanstelling wurdt snein om 16.00 oere iepene.