Omrop TIP: Meindert Reitsma te gast by Buro de Vries

Giet it no goed mei it Frysk of just net? It is snein ien fan de saken dy't oan bar komme yn it radioprogramma Buro de Vries, dêr't Meindert Reitsma dan in oere te gast is. De 26-jierrige Reitsma is literatueradviseur Frysk by Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert.
© Bob de Boer fotografie
Reitsma helle syn master Europeeske Talen en Kultueren, mei it Frysk as haadtaal, oan de Ryksuniversiteit fan Grins en hy skriuwt ferhalen en resinsjes. Yn Grins siet er yn it bestjoer fan de eardere stúdzjeferiening Skanumodu en letter waard er foarsitter fan de stichting mei deselde namme, dat it ynternettydskrift Skanumodu oprjochte.
Fierders is Reitsma aktyf by tal fan organisaasjes om de Fryske taal hinne. Dêrnjonken is er ek belutsen by de kristlike scoutinggroep Burmania en brassband Wurdum.
It radioprogramma Buro de Vries wurdt sneins útstjoerd by Omrop Fryslân fan 11.00 oant 13.00 oere, Meindert Reitsma is te gast yn it twadde oere. Sneintejûns kin it programma nochris beharke wurde om 21.00 oere.