Pear Starkenburg-Koree út Kollum fiert 70-jierrich houlik: "Dat hiene wy net tocht"

It pear Neeltsje (91) en Sjouke (93) Starkenburg-Koree út Kollum fiert sneon dat sy 70 jier troud binne. Sa'n platina houlik is dochs wol bysûnder, seker yn de tiid dat minsken hieltyd âlder wurde, mar de houliken hieltyd koarter.
Pear Kollum 70 jier troud
"Dat hiene wy net tocht doe't wy begûnen. mar wy ha it fijn hân", seit Neeltsje. It pear wennet noch selsstannich en ha beide it rydbewiis noch. En dat sil noch lang sa bliuwe, hopet Sjouke. "In soarchhûs hoopje wy net te kommen, wy fiele ús noch bêst."
Troch de jierren hat it pear wolris spul hân, mar it rûn nea út de hân, fertelt Neeltsje. "Wy binne twa ferskillende minsken, dus wy binne it net allegear mei inoar iens, mar dat hoecht dochs ek net?" Se lizze it altyd gau wer by, seit Sjouke. "Tuerlik ha je spul, mar de ferjeffenis is altyd moai."

Briefke foar de kening

Boargemaster Johannes Kramer hat se lokwinske en der is ek in bosk blommen fan de kening en keninginne kaam. Om se dêrfoar te betankjen sille se de kening in briefke stjoere. "Wy stjoere him in briefke, mei in foto fan ús derby", seit Neeltsje. "Skriuwsto it briefke? Dan plak ik de envelop fêst", laket Sjouke.
Ferslachjouwer Onno Falkena gie op besite by it pear