Rutger Piersma en Tessa Kramer winners op FK fierljeppen fol ferrassingen

05 sep 2020 - 17:03

Rutger Piersma is de ferrassende nije Fryske kampioen by it fierljeppen. Hy kaam sneontemiddei yn Winsum yn de finale ta in sprong fan 20.01 meter. Ek by de froulju wie in ferrassende winner. Tessa Kramer sprong 15.15 meter en dêr kamen de oare finalisten, Maureen Poiesz en Sigrid Bokma, net oerhinne.

By de manlju kamen grutte favoriten as Ysbrand en Oane Galama, Thewis Hobma en Bart Helmholt net yn de finale. Dy lêste wie noch wol it meast tichteby, mar hy kaam mei 18.85 úteinlik ien sintimeter tekoart.

Bauke de Jong (19,70), Age Hulder (19,55), Rutger Piersma (19,39), Nard Brandsma (19,30) en Sytse Bokma (18,86) hellen de finale wol. Yn dy finale kaam Piersma mei syn earste sprong ta 20.01 meter. Dat wie úteinlik genôch foar de titel. Bokma ferbettere himsels yn de finale noch wol nei 19.76 meter. Dêrmei waard hy twadde. De Jong koe himsels net mear ferbetterje en waard tredde mei 19.70 meter.

Rutger Piersma

Nei de earste trije sprongen by de froulju gie Maureen Poiesz ferrassend oan de lieding mei in ôfstân fan 14.59 meter. Ek Sigrid Bokma (14.57) en Tessa Kramer (14.51) pleatsten harren foar de finale. Femke Rispens kaam mei 14.48 krekt tekoart. Favorite Marrit van der Wal kaam mar ta 13.93 meter en wie dêrmei dus betiid útskeakele.

Alle trije froulju sprongen yn de finale fierder as yn de earste ronde. Mar der wie mar ien dy't oer de fyftjin meter kaam: Kramer. Sy kaam ta 15.15 meter. Poiesz (14.86) en Bokma (14.63) waarden respektyflik twadde en tredde.

De winners op it FK fierljeppen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Tessa Kramer

Junioaren, jonges en famkes

Rutger Haanstra gie der by de junioaren mei in sprong fan 18.30 meter mei de titel fantroch. De twadde priis wie foar Minne Smit mei 17.63 meter en Riemer Durk Krol waard tredde mei 17.32 meter.

Wisse Broekstra goaide hege eagen by de jonges mei in sprong fan mar leafst 18.28 meter. Hy liet dêrmei yn syn lêste jier by de jonges sjen klear te wêzen foar it echte wurk. De twadde priis wie mei 16.91 meter foar Wytse Steensma en de tredde priis mei 16.30 meter foar Douwe Abma.

De titel by de famkes wie foar Pytrix Westra mei 14.57 meter. Hanneke Westert waard twadde (14.27) en Inger Haanstra (13.67) pakte de tredde priis.

Wisse Broekstra

Rutger Haanstra

(advertinsje)
(advertinsje)