SC Hearrenfean ferliest ek sechsde en lêste oefenwedstriid fan PEC Zwolle

05 sep 2020 - 15:58

SC Hearrenfean hat sneontemiddei ek de lêste oefenwedstriid yn de tarieding op it nije seizoen ferlern. Yn it Abe Lenstra Stadion wie kompetysjegenoat PEC Zwolle mei 0-1 te sterk. It iennige doelpunt fan de wedstriid kaam wol fan in spiler fan Hearrenfean. Hamdi Akujobi makke in eigen doelpunt.

Gearfetting SC Hearrenfean - PEC Zwolle

It wie foar trainer Johnny Jansen al in hiele put om in folslein alvetal by-inoar te krijen. By de Fryske ploech wiene Sherel Floranus (Jong Oranje) en Ibrahim Dresevic (Kosovo) der net by fanwegen ynterlânferplichtingen en Joaquín Fernández, Rami Hajal en Runar Espejord ûntbrekken fanwegen lichte blessueren. Ek de nijelingen Jean-Paul van Hecke en Pawel Bochniewicz wiene der noch net by.

Betide foarsprong

De besikers kamen yn de fjirtjinde minút op foarsprong doe't Akujobi in foarset fan Mike van Duinen yn eigen goal wurke. Ald-spiler fan SC Cambuur en SC Hearrenfean Reza Ghoochannejhad koe goed tsien minuten letter de skoare ferdûbelje, mar op syn earste ynset hie keeper Erwin Mulder in antwurd en syn twadde skot gie oer de goal.

De earste echte kâns fan de Friezen kaam pas yn de twadde helte. Mitchell van Bergen krige in skoaringskâns nei in slalom, mar syn skot gie oer de goal van PEC Zwolle. Efkes letter krige Arjen van der Heide de grutste Fryske kânsen fan de wedstriid, mar hy krige de bal oant twa kear ta net foarby keeper Michael Zetterer.

Yn de slotfaze kamen beide ploegen net mear ta grutte kânsen. Dêrmei ferliest SC Hearrenfean dus ek de lêste en sechsde oefenwedstriid yn de tarieding op it nije seizoen. Nije wike sneon stiet de earste wedstriid fan de kompetysje op it programma. Dan is Willem II yn it Abe Lenstra Stadion de tsjinstanner.

Henk Veerman yn aksje foar SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

SC Hearrenfean - PEC Zwolle: (0-1) 0-1, 14'0-1 Hamdi Akujobi (eigen doelpunt).

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Akujobi, Zaal, Kongolo, Woudenberg; Driouech, Dewaele (85. Westra), J. Veerman; Van Bergen (56. Tahboun), H. Veerman, Van der Heide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)