Fiskers út Harns helje yn in jier rekôr oan swalkôffal út see: 176.600 kilo

05 sep 2020 - 14:27

Fiskers út Harns ha yn 2019 in rekôrgewicht fan 176.600 kilo oan swalkôffal ynsammele út de see wei. Se krigen dêrfoar sneontemoarn by in feestlik momint yn de haven sertifikaten útrikt, út hannen fan wethâlder Harry Boon en it projekt Fishing for Litter fan KIMO Nederlân en België.

Fiskers Jan Joris Midavaine

Ferline jier is der goed fjouwer kear safolle swalkôffal troch de fiskers út Harns ynsammele as it jierlikse gemiddelde. It is de earste kear dat der foar it projekt Fishing for Litter safolle yn ien jier en út ien haven wei ynsammele is. Ek lanlik is der in rekôr helle: 558.325 kilo swalkôffal. It jout in dûbeld gefoel, seit Jan Joris Midavaine fan Fishing for Litter. "Het is natuurlijk niet leuk dat er zoveel afval in zee ligt, maar al het afval dat meegenomen wordt naar de haven ligt niet meer in zee."

Boaiem- en garnalefiskers wurde sûnt 2001 troch KIMO Nederlân en België stipe om opfiske ôffal nei de fêste wâl mei te nimmen. "Hiermee wordt voorkomen dat het zwerfvuil uit zee aanspoelt op de stranden en wordt de Noordzee schoner", fertelt wethâlder Harry Boon fan Harns. It docht bliken dat it measte swalkôffal nei de seeboaiem sinkt.

MSC Zoe

Der dogge hieltyd mear fiskers mei oan it projekt. De ferwachting is dat oer 2020 ek wer mear as 100 ton ôffal ophelle wurdt, mei troch de gefolgen fan de kontenerramp mei de MSC Zoe. Hjirfan is noch altyd sa'n 800 ton net opromme.

Jan Joris Midavaine fan it projekt Fishing for Litter

(Advertinsje)
(Advertinsje)