Deade man oantroffen by wenningbrân yn De Westereen

By in wenningbrân yn De Westereen is freedtejûn in deade man oantroffen. It giet neffens de plysje om de bewenner fan it hûs oan De Bjirken.
Deade persoan oantroffen by wenningbrân yn De Westereen
Meardere helptsjinsten waarden oproppen, mar de help kaam te let foar it slachtoffer.
De plysje hat ûndersyk útfierd en fêststeld dat it om in needlottich ûngelok giet.
© De Vries Media