Binnenstêd Ljouwert mist tûzenen klanten troch thúswurkjen

05 sep 2020 - 09:16

By de grutte wurkjouwers yn Ljouwert wurdt der noch massaal thúswurke fanwege de coronakrisis. Dit hat grutte ekonomyske gefolgen foar ûndernimmers yn de binnenstêd fan Ljouwert. Sy sjogge harren omset rap nei ûnderen gean no't der alle dagen yn totaal goed 5.000 minsken minder yn de stêd komme.

Binnenstêd Ljouwert mist tûzenen klanten troch thúswurkjen

By Achmea bygelyks is der no noch mar in hantsjefol minsken, wylst der normaal alle dagen 1.500 minsken op kantoar wurkje. By ING sitte gewoanwei 1.700 minsken efter it buro en no noch mar 200. "Minsken dy't hjir tusken de middei even in rûntsje rinne, in pear tûzen. Dêr binne altyd minsken fan dy't dingen keapje, dy't even wat boadskippen meinimme, mar dy't se no op in oar plak dwaan", seit binnenstêdmanager Hayo Galema.

Binnenstêdmanager Hayo Galema

Foto: Omrop Fryslân

Ek de provinsje en de gemeente Ljouwert hâlde har oan de oprop fan it kabinet om foaral thús te wurkjen. Troch de coronakrisis wurkje der folle minder amtners op kantoar en wurde der bygelyks digitale gearkomsten hâlden. Thúswurkje sil nei alle gedachten ek nei de krisis folle mear dien wurde en dêrom wurdt deroer neitocht om it Provinsjehûs in oare ynrjochting te jaan.

It moat mear in moetingsplak wurde as in wurkplak, tinkt direkteur Regina Bouius fan Provinsje Fryslân. "Troch corona wurde we eigentlik ek hieltyd kreativer en ha we betocht dat it thúswurkjen ús goed befalt en wy it Provinsjehûs ek oer hawwe om mei folle mear oare kollega's gear te wurkjen. Mar dat kin ek mei ûndernimmers wêze, moetingen om oan projekten te wurkjen. En ja, dan moatte we it gebou dêr ek foar klearmeitsje."

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Freek Wijning fan de gemeente Ljouwert en direkteur Regina Bouius fan provinsje Fryslân

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en per gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)