Kollum: "De minsklike maat"

05 sep 2020 - 08:28

"Hoi, ik ha dizze wike sjoen hoe hypokryt de wrâld is. Eins wist ik dat wol, mar dizze wike wie wer in echte wake-upcall dy't myn gefoel dêroer befêstige. It giet fansels foar in part oer de minister mei deselde foarnamme as dy't ik ha. Dêrmei hâlde de uterlike oerienkomsten wol sa'n bytsje op. Ik ha, tige nei de smaak fan myn frou, in grut bosk krollen op 'e kop en de minister syn plasse is sa keal as in biljertbal.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Dochs ha wy ek oerienkomsten, Grapperhaus en ik. Wy binne beiden troud mei in frou. By dy gelegenheid stjoere jo wat útnûgings nei folk dat je letter foar it grutste part nea wer sjen sille, mar op dat stuit meie se meifrette en sûpe, want it is feest. Foar ús wie dat no dik 26 jier lyn, myn nammegenoat miende dat er in wike lyn yn it houliksboatsje stappe woe. Dat moat er sels witte, mar doe't wy trouden, yn 1994, wie der gjin pandemy en no dus wol.

De regels dêr't er sels fan seit dat we ús der strikt oan hâlde moatte, wienen even net fan tapassing op himsels en syn selskip. No, dat hat er witten. As er dizze kennis yn it foar hân hie, wie it feest grif net trochgien. Want syn beliedsmaatregels wurde troch de minsken no fansels hiel oars besjoen. Myn nammegenoat waard en public mei de grûn lyk makke. Troch kollumnisten, Keamerleden, minsken op de asosjale media, it koe net op.

Tige kwealike saak is dat der ek altyd lju binne dy't dêr daliks polityk gewin út helje wolle. Minsken dy't in moanne as wat lyn sa stil as in mûske wienen doe't Femke Halsema de Dam yn Amsterdam folstreame liet, raze no om de keale kop fan Grapperhaus. En oarsom wurket it ek sa. Polityk is faak in fiis spultsje.

Ik bin bang dat 90% fan alle Nederlanners, ek de roppers en razers fan no, it krekt sa dien hienen as de minister. Ik wol, teminsten. En ik doar dat hjir bêst te sizzen. Ik bin ek geregeld tsjûge fan hoe't minsken harren kollektyf net oan de regels hâlde, dat komt troch it wurk dat ik doch. Kom ik daliks op werom.

Se sizze dat jo troudei ien fan de moaiste dagen yn jo libben is. Op sa'n momint komme de normale omgongsfoarmen ûnbewust wer foar it ljocht. Sa as minsken yn it frije westen gewoanwei mei elkoar omgean. En dat beheint him net ta troudagen. Yn myn wurk yn de útfeartsektor sjoch ik it ek. Op it momint dat je immen ferlieze dy't jo dierber is, falle de betochte regels fuort. Dan ha jo ferlet fan stipe en net op oardel meter.

Praktysk punt datoangeande: Hoe stelle de beliedsmakkers harren dat oardelmetergedoch foar as jo in deadskiste nei it grêf drage? Krekt. Net te dwaan.

De hiele wrâld foel oer de minister hinne. En hy hat in foarbyldfunksje, dat wit ik. Mar stel josels even yn syn plak. Soenen jo stikem net krekt itselde dien ha? Ik besykje my yn de measte gefallen oan de regels te hâlden, mar as ik helpe moat om by in begraffenis de kiste op it sinktastel te setten, sil ik net mei it wetboek yn de hân stean gean. Dan moatte jo der wêze. Dwers tsjin alle regels yn. Omdat je ek gewoan mar in mins binne."

(advertinsje)
(advertinsje)