Twa autobestjoerders ferwûne nei frontale botsing by Ferwert

05 sep 2020 - 08:11

Twa persoanen binne freedtejûn ferwûne rekke by in slim ferkearsûngelok op de Ljouwerterdyk by Ferwert. Harren auto's botsten frontaal op elkoar en dêrby rekken beide bestjoerders beknypt. It giet om in frou fan 37 jier en in man fan 28 jier, beiden út de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: CAMJO media

De helptsjinsten ha de slachtoffers út harren auto helle en mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De dyk wie in skoft ôfsletten en it oare ferkear waard omlaat. Troch de klap leine der oeral ûnderdielen fan de auto's op de dyk.

De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)