FIDEO: It Polytburo mei Harry van der Molen

It CDA-keamerlid Harry van der Molen wol graach noch fjouwer jier troch mei syn wurk as folksfertsjintwurdiger. Dat sei de Ljouwerter yn It Polytburo. Hy makket kâns, ek omdat der sjoen wurdt nei de regionale sprieding fan keamerleden. Van der Molen is op it stuit de iennichste parlemintariër út Fryslân fan it CDA. Hy joech ta dat dat wol wat meager is, hielendal as je betinke dat it CDA de grutste partij fan Fryslân is. De definitive list fan it CDA foar de kommende ferkiezingen wurdt yn oktober fêststeld. De Twadde Keamerferkiezingen sels binne yn maart takom jier.
Sjoch hjirûnder nei de ôflevering fan It Polytburo: