Man (28) stiet mei neaken ûnderliif foar famke (14): alkoholferbod en behanneling

04 sep 2020 - 20:38

In 28-jierrige ynwenner fan Koatstertille, dy't healwei maart 2018 op strjitte mei in neaken ûnderliif foar in 14-jierrige famke stie, is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in selstraf ûnder betingst fan in moanne.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foardat de man it famke oan it skrikken makke, hie hy ek al mei net in soad klean oan en in termolegging oer syn holle foar in wenning yn de Frederiksstrjitte stien. It lettere slachtoffer wie doe yn de wenning oanwêzich, dêr't se op besite wie by in freondin. De man waard yn earste ynstânsje net opmurken. Pas letter waard op bylden fan in tafersjochskamera sjoen dat hy hast neaken foar de ruten stien hat.

Doe't it famke nei hûs woe, seach se de man bûgd stean, mei allinnich in jas oan. It famke skrok en kearde om. De man joech him de dei dêrnei oan by de plysje. Hy is al earder feroardiele foar it skeinen fan de earberens. "Het is een aandrang", sei hy by de behanneling fan de saak. It wie him te dwaan om de spanning.

De man moat him fan de rjochtbank no opnij by de reklassearring melde. Fierder moat hy in behanneling ûndergean en mei hij trije jier lang gjin alkohol brûke. De man út Koatstertille hie op de dei fan syn dieden dronken.

Trefwurden: 
rjochtbank Koatstertille
(advertinsje)
(advertinsje)